Breidzje

Tryater spilet Breidzje

Dit evenemint is al west

Contact

Adres:

Oostersingel 70
8921 GB Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Hiel lang lyn, earne op in plak yn de wrâld, leauden de minsken dat it libben as in wollen tried wie. Stel dat dat sa wie, wat kinst dan mei dy tried? Kinst der dan in moaie trui fan breidzje? Mar ast dan grutter wurdst? Wat bart der dan? Groeit dy trui dan mei dy mei?
Samar fansels? Of is it sa datst sa hurd groeist datst der út groeist? Wolst him dan ôfraffelje om der in nije trui fan te breidzjen? In moaiere? En wat dan as it kleauntsje wol yn ’e tiis rekket?

Breidzje giet oer dy ferwûndering. Oer groeie en grutter wurde. Oer neitinke oer letter en weromsjen op hoe’t it earst wie. Leare, sels útfine, feroarje. Folgje dyn wollen tried en sjoch wêr’tst útkomst…

Dizze foa…

Lês fierder

Dizze foarstelling is as skoallefoarstelling te boeken en geskikt foar bern fan 4 o/m 6 jier. Do kinst dyn klasse ynskriuwe en dan organisearje wy dizze prachtige edukative teaterûnderfining op dyn skoalle.

Technyske gegevens Breidzje:
Lokaasje:  speellokaal
Ofmjitting: speellokaal totaal: 8 x7 x 3 m. (l x b x h)
Fertsjustering:  winsklik
Spilet yn: maitiid 2020
Lingte foarstelling: 45 min
Kapasiteit foarstelling: 80 learlingen

Prizen Breidzje:

  • €6,50 de learling
  • €420,- de foarstelling (foardelich fan 65 learlingen ôf)
  • €715,- by twa foarstellingen op ien dei en lokaasje (foardelich fan 110 learlingen ôf)
  • Foar boekingen gean nei it ynskriuwformulier.
Lês minder

Prizen

  • Bern€ 7,50 Kinderen t/m 12 jaar hebben gratis entree op vertoon van een pake, beppe of andere betalende volwassene.

Yn 'e buert

Toan risseltaten