Fytse en kuierje yn Fryslân

De beammen binne grien, de lamkes binne berne en de blommen steane wer yn bloei. It is it perfekte momint om lekker op paad te gean. En wol nei Fryslân. De ôfwikseling fan bosken, marren en net te ferjitten de Waadkust binne it moaiste dekôr foar in fyts-  of kuiertocht. Untdek wat it eigensinnige Fryslân te bieden hat, op de fyts of geandefoets!

5 fantastyske fytsrûtes

5 bjusterbaarlike kuiertochten

Fytse

Fryslân is dé provinsje foar fytsers. En dat docht bliken: de provinsje is ek dit jier wer útroppen ta de bêste fytsregio fan Nederlân! En dat is net nuver. Mei ús fytsnetwurk dat de folsleine provinsje beslacht, kulinêre fytsrûtes lâns de alve stêden en ús tagonklikheid foar elektryske fytsen is Fryslân geskikt foar elke fytser! Mei de mountainbike, stedsfyts, racefyts of trijetsjiller, alles kin. Dêrneist binne der net folle provinsjes mei sa’n ferskaat oan natuer. Sa kinst yn it Drintsk-Fryske Wold allinne al in fariaasje sjen fan stosân, heide en bosk. Fyts yn it noarden oer de langrutsen diken wêr’st fan in fier útsicht genietsje kinst of fyts ris lâns de seedyk, wêr’st de bysûndere floara en fauna fan It Waad bewûnderje kinst.

Kuierje

Wistest datst fanút Fryslân de pelgrimsrûte nei Santiago de Compostela rinne kinst? In prachtige rûte fan Sint Jabik nei Spanje. Lokkigernôch hoechst dy gjin soargen te meitsjen as dizze kuiertocht fan 4 moannen dy wat te heech grepen is. Fryslân hat nammentlik in wiidweidich kuiernetwurk! Mei rûtes fan mar 3 oant goed 200 kilometer kin elkenien hjir syn kuierskuon oanlûke. Der sitte bysûndere rûtes tusken, lykas it Groot Frieslandpad fan Bergen aan Zee oant Leer, dy’t sels útroppen is ta ‘Wandelroute van 2017’ fan Nederlân en België. Ek kinst fan septimber ôf oer it Alvestêdepaad kuierje, in paad fuotgongers dy’t de alvestêderûte rêstich op eigen tempo ôflizze wolle.

Deals foar in aktyf wykein Fryslân