No te dwaan op it wetter

Wylst de natuer har bêst docht om it wat waarmer wurde te litten yn Nederlân, meitsje wy ús klear foar it nije wettersportseizoen yn Fryslân. De Fryske wetters binne wer iepen en we hawwe der sin oan. Op dizze pagina fynst alles oer de aktiviteiten rûn wettersport.

BRÊGETIDEN

OANLISPLAKKEN

Wetteraginda

Tradisjoneel tsjinoer ekstreem

Bist fan fan wetter? Dat komt goed út! Yn Fryslân kinst op talleaze wizen kennismeitsje mei en genietsje fan de see en de marren. Kinst bygelyks te silen mei in tradisjoneel Frysk skûtsje of in sloep hiere en farre troch de grêften fan in Alvestêdestêd. Ek kinst de Alvestêderûte farre en is der in grut ferskaat oan mooglikheden om dyn boat oan te lizzen yn ien fan de prachtige Fryske havens.

Bist op syk nei wat mear spanning? Besykje dan ris wat ekstremers, lykas (kite)surfe, flyboarde of wakeboarde. Troch hiel Fryslân hinne fynst ferskate surfplakken wêr’t it by moai waar hearlik tahâlden is. Dêrneist kinne ek sup-leafhawwers harren hert ophelje, Ljouwert is nammentlik yn opkomst as echte supstêd. Der wurdt tsjintwurdich sels in sup-Alvestêdetocht hâlden!