De Paupers meitsje teäter op unike lokaasjes en oer aktuele saken dy’t in ferbining mei elkoar hawwe. Op de “Jiskepôle”, it sanearre stoart, is de lokaasje foar de foarstelling SÂNDEROER, dy’t ûnderdiel is fan IIS, it mienskipsprogramma fan Arcadia.
“SÂNDEROER (op nei de himel)” spilet op de Jiskepôle. In keale bulte yn in folslein iepen lânskip. Mar ek in prachtige teätrale en byldzjende lokaasje, dêr’t de fantasij syn frije loop gean kin. De Jiskepôle … dêr leit ús skiednis... dêr belânet ús takomst. Wat juster noch de himel like te wêzen, leit hjoed op it stoart. Omdat hjoed it nije paradys komme kin werfan’t moarn faaks wer bliken docht dat it in mislearre stap wie op it paad nei nij gelok.
De Jiskepôle, it âld stoart, is sanearre. Dat wol sizze: der is in meter sân oerhinne smiten. Sa losse wy ús swierrichheden op. Sân deroer... dan sjochst it net mear
En wat dogge wy der oan? Sân deroer….SÂNDEROER! Dan sjochst it net mear. Mar it is der noch wol.
De Paupers meitsje teäter op unike lokaasjes oer aktuele saken wêrfan’t sy fine dat minsken har der drok oer meitsje moatte. De Paupers meitsje teäter op unike plakken, dy’t in ferbining mei it ûnderwerp hawwe. Op har eigen, eigenwize wize meitsje se saken besprekber. It probleem omdraaie, ûnferwachte ynfalshoeken; it heart by De Paupers. Hilarysk, hurd, dan wer yn en yn tryst. Mei treffende bylden, teksten en muzyk dy’t elkoar fersterkje. Dy’t ek de makkers en it publyk fersterkje. Omdat De Paupers teäter yn 'e regio wichtich fine, omdat keunst ferbyldet, ferbynt en fertaalt.