As in muonts bout keunstner Maartje Korstanje oan har abstrakte, werkenbere, grutte en lytse, rauwe en tagelyk kwetsbere skulptueren. Har hannen foarmje de sirkulêre materialen lykas karton, jern en it biobased beton Xiriton út Fryslân ta trochlibbe byldhouwurken mei grillige útsteksels en raffelige borduersels. De byldhouwer liet him foar dizze searje ynspirearje troch natuerlike prosessen, groei en ferfal.
De bylden fan Maartje Korstanje ferspriede gjin moai-waar-praatsjes. Se biede romte foar mimeringen en stelle tagelyk wat urgints oan 'e kaak. Wat skûlet der ûnder it oerflak? Mear as in fermoeden miskien. Wat grouwélichs en fassinearjends. Is it better om dyn gesicht ôf te kearen? Moatst dochs sjen, nei de stronken, de lapen, de kiezels, de knoarren, nei wat sjerperichs, wat mei triedden, wat gliderich, eat dat súntsjes dript. Miskien wolst it even aaie?
De tentoanstelling slút oan op Bosk en Ljouwert as UNESCO City of Literature. De lokaasje is it histoaryske en moderne gebou De Utrecht, in ferburgen juwiel midden yn de binnenstêd fan Ljouwert. Boud yn 1904 yn jugendstil, grôtfol spreuken en symbolyk, folop dekorearre en ûnderwilens foarsjoen fan eigentiidske tafoegingen dy 't it gebou in nij libben ynblaze.
Underwetterfermoeden fan Maartje Korstanje is ûnderdiel fan Bosk: in kuierjend bosk fan mear as tûzen beammen dat hûndert dagen troch de binnenstêd fan Ljouwert lûkt mei de oprop oars nei de natuer te sjen.