Dizze simmer frege Tryater ynwenners fan Fryslân wat harren gelokkich makket. De antwurden dy’t we fan jong en âld krigen binne sammele en ferwurke ta in grut geloksgedicht. Oan ‘e hân fan dit gedicht meitsje we in ferrassende poëtyske én fisuele ûnderfining op lokaasje. Gean mei op reis yn ús syktocht nei gelok.

Per doarp wurdt in unike rûte makke. Wylst nei it gedicht harkest, rinst lâns bysûndere plakken en objekten dy’t dy ûtnoegje om mei oare eagen nei dysels en dyn omjouwing te sjen. De rûte is foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fan fier dêrbûten.  Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Wikel. It gelok fan Fryslân

Lês fierder

Dizze simmer frege Tryater ynwenners fan Fryslân wat harren gelokkich makket. De antwurden dy’t we fan jong en âld krigen binne sammele en ferwurke ta in grut geloksgedicht. Oan ‘e hân fan dit gedicht meitsje we in ferrassende poëtyske én fisuele ûnderfining op lokaasje. Gean mei op reis yn ús syktocht nei gelok.

Per doarp wurdt in unike rûte makke. Wylst nei it gedicht harkest, rinst lâns bysûndere plakken en objekten dy’t dy ûtnoegje om mei oare eagen nei dysels en dyn omjouwing te sjen. De rûte is foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fan fier dêrbûten.  Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Wikel. It gelok fan Fryslân is in poëtyske konfrontaasje mei gelok.

Lit dy meistreame op de weach fan wurden

It gelok fan Fryslân strykt del yn de folgjende doarpen:

29 en 30 augustus: Marsum
5 en 6 septimber: Jorwert
12 en 13 septimber: Koarnjum
19 en 20 septimber: Feanwâlden
26 en 27 septimber: Wommels
3 en 4 oktober: Eastermar
10 en 11 oktober: Wikel
17 en 18 oktober: Reduzum
24 en 25 oktober: Kollum
31 oktober en 1 novimber: Winaam

Coronaproof
It gelok fan Fryslân is coronaproof ûntwikkele. Tryater folget de rjochtlinen fan it RIVM.
Der is in beheind tal plakken beskikber per foarstelling.

It gelok fan Fryslân is in fjouwerjierrich projekt fan Tryater fan teatermakkers Aukje Schaafsma en Karel Hermans: se ûndersykje hoe’t it kin dat Fryslân de gelokkichste provinsje fan Nederlân is. Elk jier dûke we op yn in oar plak en yn in oare foarm. Alle kearen spylje de ynwenners fan Fryslân in wichtige rol.

Dit earste diel foarmet de ôftraap fan it fjouwerjierrige projekt en is tagelyk it earste projekt ûnder de artistyk lieder Tatiana Pratley.

Lês minder

Wannear

  • elke sneon en snein oant 'e mei 1 novimber 202013.00 - 16.00 oere
  • 29 en 30 augustus: Marsum 5 en 6 septimber: Jorwert 12 en 13 septimber: Koarnjum 19 en 20 septimber: Feanwâlden 26 en 27 septimber: Wommels 3 en 4 oktober: Eastermar 10 en 11 oktober: Wikel 17 en 18 oktober: Reduzum 24 en 25 oktober: Kollum 31 oktober en 1 novimber: Winaam

Prizen

  • Fan € 10,00 oant € 15,00
  • Entreeprizen: € 15 (regulier), € 13,50 (Freonen Tryater), € 10 (12 o/m 18 jr)
  • Betelmooglikheden: Online

Yn 'e buert

Toan risseltaten