Tegearre mei Arcadia presintearret it Fries StraatFestival Sparks. Fan it jier stiet it Fries StraatFestival yn it ramt fan de natuer. Dit tema represintearret it libben, it libben fan beammen, mar ek ús eigen libben as minske. Wêr komst wei en wêr giest hinne? De ynteraktive foarstelling Sparks slút naadleas oan op dit tema.
Sparks spilet him ôf yn de 'natuer', yn it kuierjende bosk fan Bosk (Bosk is in stadich beweegjende keunstynstallaasje besteande út 1000 grutte en lytse beammen). Yn it Bosk fynst ús jongste generaasje, in klup jeugdige orakels. Dizze bern hawwe de mysterieuze keunsten fan it wiersizzen bestudearre. Hja binne dragers fan mystike kennis en behearders fan magyske krêften. De jonge orakels lêze de libbenslinen en fertakkingen yn dyn hân en witte in eigen ynterpretaasje te jaan op dyn takomst. Wat sjogge se by dy? Doarsto dyn hân lêze te litten troch dizze orakels?