Ga naar inhoud
MAP

Bingo!

Diverse plekken in Friesland

BINGO! is in foarstelling dy 't op humoristyske, earlike en mooglik werkenbere wize problemen oankaart dy 't har foardwaan kinne by ferburgen earmoede en iensumens.

Sjoch alfêst efkes

Tine liedt de bingo yn in buerthûs. Se komt hjoed te let. Tine ferûntskuldiget har en begjint ûnbedoeld oer har krekt stoarne mem, mei wa’t se al tsien jier gjin kontakt hie. Niis seach se har âlderlik hûs en ûntduts hoe suterich har mem blykber wenne. Wylst Tine har bêst docht om op fleurige wize de bingo ta in goed ein te bringen, analysearret se de relaasje mei har mem. Dy stiet ynienen yn in hiel oar ljocht. Hie se mear sjen moatten, wat oars dwaan kinnen? Se freget it har lûdop ôf. En dan ropt ien: ‘Bingo!’

By BINGO! sitst mei dyn bakje kofje of tee en in bingokaart mei oaren oan in tafel. By it bekende spul mei de nûmere baltsjes wurdst meinaam nei Tine har jeugd. Flak foar en tusken de tafels troch spilet Tamara Schoppert dizze troch Herman van de Wijdeven skreaune teatertekst. En wannear’t de priis wûn is, sjocht elkenien elkoar ris goed oan en drinkt noch in bakje kofje of tee mei elkoar.

BINGO! is ûntwikkele op inisjatyf fan Stichting Platform Armoede en Schulden Fryslân troch teaterkollektyf Ploech & Eide en spile earder dit seizoen yn in Nederlânsktalige ferzje op Festival Overmorgen fan de Fryske teaters. Tryater hat it stik oer earmoed en iensumheid omearme en bringt de Frysktalige ferzje nei ferskate lokaasjes yn Fryslân. De foarstelling is ek geskikt foar wa’t net fan it bingo-spul hâldt.

Wanneer:
28 jannewaris 2023 oant 'e mei 2 febrewaris 2023
Prijsinformatie:
Vanaf € 12,50 (voor studenten)

Hjir fine jo Bingo!

Adres:
Diverse plekken in Friesland
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):
Toan risseltaten