Beakens Skiermûntseach
Schiermonnikoog
Beaken Skiermûntseach bringt Arcadia 2022 en keunstmanifestaasje Hi-Lo 2023 mei elkoar yn ferbining. Hi-Lo is in nije keunstmanifestaasje om de Waadsee hinne.
Sjoch alfêst efkes
De Noardertoer en de Sudertoer makken fan 1845 oant 1910 tegearre de ljochtmarkearring út fan Skiermûntseach. Trochdat de reade Noardertoer yn 1910 in draailjocht krige dat it hiele gebiet oankoe, waard de wite Sudertoer oerstallich en dôve syn ljocht. Dizze toer is no it kanvas foar in keunstfoarm dy’t oanslút by de eardere taak fan de toer: ljochtkeunst.
In jier lang binne der om de ûndergong fan de sinne hinne ljochtprojeksjes te sjen. Alle twa moannen in nij ljochtkeunstwurk. De toer wurdt wer in beaken. De seis keazen keunstners binne Femke Schaap, Jan van Nuenen, Gilleam Trapenberg, Jacco Olivier, Daphne Glasmacher en Jos Agasi. Femke Schaap byt op 1 july 2022 it spits ôf.
Beaken Skiermûntseach bringt Arcadia 2022 en keunstmanifestaasje Hi-Lo 2023 mei elkoar yn ferbining. Hi-Lo is in nije keunstmanifestaasje om de Waadsee hinne, op inisjatyf fan it Flylânske festival Into The Great Wide Open. Dizze earste edysje is in foarpriuwke fan it moais dat yn 2023 te sjen wêze sil.
- Wannear:
- oant 'e mei 14 augustus
- Ofstân nei jo lokaasje:
Hjir fine jo Beakens Skiermûntseach
Zuidertoren, SchiermonnikoogTorenstreek
Schiermonnikoog Plan dyn rûte
fanôf dyn lokaasje