Beammebern’ is in muzikaal mearke dat útfierd wurdt troch akteurs en Brassband Crescendo út Warkum. It mearke is bewurke ta muzykteäter en in belibbing foar de hiele húshâlding. It is in cross-over fan teäter en muzyk: de akteurs reagearje op de muzyk en de muzikanten reagearje op de akteurs. De foarstelling wurdt trije kear útfierd yn septimber 2022. It mearke is skreaun troch Paul van Dijk en is Frysktalich. As lokaasje is keazen foar it prachtige park fan Warkum. It tema is de relaasje tusken minske en natuer.
Yn 'e Grize Stêd regearret in kening. In tiran, dy 't oeral spionnen hat en alles kontrolearje wol. De frjemdste regel yn 'e stêd is dat der nearne wat groeie mei. “Want”, seit de kening, “Grien hat de oanstriid om oeral op te dûken en te woekerjen.”
Der binne gjin tunen, gjin parken en der is nearne ûnkrûd te sjen.
De Kening hat net troch dat in frou út de Grize Stêd alle nachten oer de stedsmuorre klimt om troch it bosk te rinnen. Se fielt har dêr mear thús as by de minsken yn de stêd. Op in dei merkt de frou dat se jûns, as it begjint te skimerjen, yn in beam feroaret. Se fynt it goed sa; jûns is se ien fan de beammen, oerdeis wennet se yn de Grize Stêd.
De paden fan de Kening en de frou kruse elkoar as de frou op in jûn wer oer de stedsmuorre klimme wol. In soldaat fan de kening pakt har by har foet fêst en de frou is dêrtroch te let om by it bosk te kommen. Foar syn eagen feroaret hja yn in beam. As de kening te hearren kriget dat in frou syn yn syn stêd yn in beam feroare is, jout er opdracht om har om te seagjen. Mar wat der dan bart…
‘Beammebern’ is in mearke foar de hiele húshâlding, dat skreaun is troch Paul van Dijk en bewurke is foar toaniel en muzyk yn gearwurking mei Brassband Crescendo út Warkum. De foarstelling is te sjen op 16, 17 en 18 septimber 2022. It tema is de ferbining tusken minske en natuer. Wy kinne net sûnder elkoar!