Iten bestiet út mear as yngrediïnten allinne. Yn in soad kultueren, benammen yn de Aziatyske kultuer, is iten in wize fan libjen. It stiet foar oantinkens, autentisiteit en ferhalen. Iten jout betsjutting oan ‘thús’, en mei elkoar ite bringt jo yn ferbining mei elkoar. Yn ús moderne sosjale libben ite wy hieltyd minder mei oaren. Soks liedt ta iensumens. Ynternasjonale studinten fiele har hjir earder iensum en wurde ûnwennich nei thús.
Dat gefoel herkenden de twa ynternasjonale studinten dy’t it Homesick Restaurant starten. Beide binne se fier fan hûs. It gefoel fan ûnwennigens sette se fan har ôf troch de gerjochten fan thús te klear te meitsjen en mei oare ynternasjonale studinten te iten.
Homesick Restaurant is ûnderdiel fan Oer de Drompel: in program fan de gemeente Ljouwert en Arcadia wêryn’t kulturele keunstners en maatskiplike aksjes minsken by elkoar bringe en oan de slach geane mei it tema iensumens.