Odisseia is mear as in foarstelling. In feest is it. En de taskôgers binne de feestgongers. It stik duorret mar leafst fjouwerenheal oere. Der wachtet in reuseftige tafel op dy mei flessen wetter derop, mar benammen mei sterke drank. Al yn de oanrin nei de hjoeddeistige Odisseia fan de Braziliaanske regisseur Leonardo Moreira is it dúdlik dat dit gjin foarstelling wurdt dêr’t it publyk ôfstanlik nei sjen kin. It selskip Cia Hiato nimt dy mei op in aventoerlike reis by leafde, passy, gemis en thúskomst del. It rekket de kearn fan it minske wêzen, sawol yn meislepende monologen as yn it feest dat tusken de sênes troch plak fynt. Yn dizze teätermaraton dûnsest, drinkst en sjongst mei de spilers mei. It is in unike ûnderfining dy’tst net gau wer meimeitsje silst.
De ynspiraasjeboarne is it Grykske ferhaal de Odyssee fan Homerus. In lang epos dat koart gearfette giet oer Odysseus, dy’t hûs en hiem ferliet om oarloch te fieren. Nei tsien jier fjochtsjen yn de Trojaanske Oarloch docht er der ek noch ris tsien jier oer om wer thús te kommen, by syn frou Penelope en harren soan Telemachus.
Mei alles dat se yn hûs hawwe, pleitsje de Braziliaanske topakteurs der foar om mei te libjen mei de froulju dy’t yn it orizjineel mar in pear regels tadichte krigen. Penelope, Athene, Circe en Calypso: regisseur Moreira fertelt mei Odisseia it ferhaal fan de froulju.
“Het publiek wordt bij binnenkomst als een terugkerende Odysseus verwelkomd, en de pauzes worden juist benut voor verbroedering. Er is heerlijke soep, Braziliaanse rum, het publiek danst met de groep op Russische volksmuziek en er is een hilarische karaoke vol valse tonen.”
- Eric Nederkoorn, Dagblad van het Noorden
Odisseia fan Cia Hiato is ûnderdiel fan PAFFF: in provosearjend, brutaal en nijsgjirrich poadiumkeunstenprogram yn it ramt fan Arcadia fan bjusterbaarlike ynternasjonale keunstners.