Performatyf Sympoasium
Unknown Grounds is in performatyf sympoasium: in poadium foar kollektyf tinken dêr’t in ynterdissiplinêre groep bysûnder wurk ferrjochtet. Unknown Grounds ferkent it idee dat de systemen - lykas demokrasy, ûnderwiis, wurk - publike romtes binne dy’t wy bewenje, en dy’t wy tagelyk ek sels bouwe. Dat makket ús gjin passive brûkers, mar aktive makkers fan it publike gebou.
Dit noardlike evenemint bringt (byldzjend) keunstners, beliedsmakkers, wittenskippers - en oare tinkers by elkoar en kreëarret in twadeisk poadium dêr’t se performative en oare fernijende tools op brûke om te tinken. Om de besteande gebouwen fan ús mienskip kritysk te besjen en op 'e nij te ferbyldzjen. Sawol de ruïnes as de systemen dy’t wy as ûnferoarlik en massyf beskôgje.
Underdompele yn in teatrale sfear wurkje de dielnimmers en gasten by Unknown Grounds yn in romte op de boartlike grins fan fiksje en werklikheid wêryn’t se mienskiplik en aktyf tinke en wêryn't gasten en dielnimmers hieltyd fan rol wikselje yn eksperimintele workshops. Dit binne de befestige gasten foar Unknown Grounds: The Public Bulding: Nishant Shah, Hamja Ashan, Nina Glocker, Ribal Khatib, Lila Athanasidou en Mohamedou Slahi.