Ga naar inhoud
MAP

Under Wetter

Dit evenemint is al west

Wergea

Sûnt jier en dei leit de iisbaan op it lân fan de famylje Kingma. Wylst de geast fan Kingma senior noch omspûket, sit dochter Afke yn in spagaat. Hâldt se har oan har belofte om de baan te ûnderhâlden, of ferkeapet se de grûn om har buorkerij te rêden?

Sjoch alfêst efkes

mediablock.showall

In perfekte simmerjûn op de iisbaan 

Sûnt jier en dei leit de iisbaan op it lân fan de famylje Kingma. Wylst de geast fan Kingma senior noch omspûket, sit dochter Afke yn in spagaat. Hâldt se har oan har belofte om de baan te ûnderhâlden, of ferkeapet se de grûn om har buorkerij te rêden? Har soan hat rjocht op in takomst en reedride kin ommers hast noait mear. Yn Under Wetter wurdt in doarp konfrontearre mei grutte feroaringen. As sels de takomst fan de iisbaan op it spul stiet, wurdt it guon tefolle. Dan giet de natuer syn eigen gong. Bringt de iisbaan harren wer krekt as eartiids by elkoar?  

Op simmerske jûnen bringt Tryater yn 2022 in grutskalige bûtenfoarstelling oer winterske dagen. Op in prachtige iisbaan ferbyldzje akteurs, dûnsers, musisy en figuranten it ferhaal fan de famylje Kingma. Under Wetter is in oade oan tal fan iisbanen yn Fryslân en dy’t – ek al binne de winters waarmer – noch altyd funksjonearje. In foarstelling oer langstme en tradysje, fol drama én feest.  

Konsept en regy Tatiana Pratley | Tekst Wessel de Vries | Muzyk Sytze Pruiksma | Spul û.o. Tamara Schoppert, Rogier in ’t Hout, Lourens van den Akker, Mattheus Douwes, Gonny Gaakeer, Ayisha Siddiqi en Lieke Venema | Koreografy & dûns Ivgi&Greben 

Wanneer:
oant 'e mei 9 july
Prijsinformatie:
Vanaf € 17,50 (voor kinderen)
Toan risseltaten