Wetterrûte Flylân
De Mienskipflesse komt fuort út Wetterrûte Flylân. Dizze rûte oer it eilân fertelt it ferhaal fan de wetteromrin fan it eilân. It iisbaanwetter spilet dêryn in krúsjale rol.
De Mienskipflesse komt fuort út Wetterrûte Flylân. Dat is in kuier - en bûtensportrûte dy’t minsken oanset oars nei wetter te sjen. De rûte fertelt it wetteromrinferhaal oan de hân fan teksten, ynfographics en edukative boarterstastellen: op Flylân sakket it reinwetter mei in snelheid fan ien meter it jier troch de Flylanner sânlagen hinne. Dat wurket as in enoarm filter. Nei 30 jier komt it yn de swietwetterbel telâne dy’t ûnder it eilân sit. Dêr pompe de eilanners it op as drinkwetter. Sa is it iis fan de iisbaan dêr’t Flylanners 30 jier lyn op rieden, it drinkwetter foar de minsken no.
Dit ferhaal fertelt oer de Mienskipsflesse, dy't bern fan basisskoalle De Jutter en oare Flylanners mei elkoar meitsje. Elkenien bringt in hân Flylanner sân, in bytsje Flylanner wetter en in ferhaal oer de takomst of it ferline mei. Under begelieding fan twa keunstners en har mobile glêsblaasynstallaasje blaze se fan it sân de Mienskipsflesse. Mei de iisbaanseremoanje jouwe se it wetter werom oan it eilân en fertelle de bern ferhalen oer hoe’t hja it eilân sjogge oer 30 jier (2052 ). De âlders fertelle oer hoe’t it 30 jier lyn (1992) wie op it eilân. Sa ferbynt de iisbaan, it sân en it wetter de Flylanner Mienskip fertikaal troch de tiid hinne.
Mei de seremoanje iepenet ek de Wetterrûte Flylân. De Mienskipsflesse giet yn produksje en dy keapest dy aanst dus op it eilân. Dêrmei stypje jo it ûnderhâldsfûns fan de Wetterrûte. Sa helpt de Mienskipsflesse de Wetterrûte foar de Flylanners yn stân te hâlden.
Dit projekt is ûnderdiel fan IIS, it Mienskipsprojekt fan Arcadia. IIS is in produksje fan Arcadia en Keunstwurk en wurdt mooglik makke troch Provinsje Fryslân, Prins Bernhard Cultuurfonds en Univé.