Every Body Electric is in útwrydske rave dy’t ûnmooglike foaroardielen genêst. Wat yn de normale wrâld sjoen wurdt as in beheining, is yn dizze foarstelling in boarne fan enerzjy: it docht bliken dat spasmen en rolstuollen goede ynstruminten binne om mei út dyn dak te gean. Yn minder as fiif minuten ferdwine ‘beheinings’, trochdat de net te leauwen sa sterke performers dy ferliede om dy oer te jaan oan it motto fan Doris Uhlich: “Shake the flesh, boom chaka!”
Elk lichem hat spesifike wizen om syn dynamyk ûnder wurden te bringen. Beweging soarget derfoar dat it lichem him oplaadt, in soarte fan lichemseigen brânstof. Every Body Electric is in ienfâldige en radikale útnûging om dûns te ferkennen en djip te graven yn in argeology fan bewegingsenerzjy. Hokker mooglikheden ûntsteane der as rolstuollen, keunstskonken en krukken ferlingstikken fan it lichem binne? Hoe kinst dêr beweging mei meitsje? Persoanlike ritmes, dynamyk, lichemsskaaimerken en unike dûnsstilen krije foarm. De eksplosive krêft, mar ek de sêfte of krêftige poëzij fan Every Body Electric leit úteinlik yn hoe’t de performers har lichem waarnimme en hoe’t it publyk yn de teäterseal har ûnderfynt.
Every Body Electric fan Doris Uhlich is ûnderdiel fan PAFFF: in provosearjend, brutaal en nijsgjirrich poadiumkeunstenprogram yn it ramt fan Arcadia fan bjusterbaarlike ynternasjonale keunstners.