Ga naar inhoud
MAP

Pier21: Bijke

Oppenhuizen

De nije foarstelling fan PIER21 oer mei elkoar wêze en allinne wêzen.

Sjoch alfêst efkes

Agnes wennet al jierren by René op de buert, mar gjin minsk hat in idee wat Agnes by de ein hat. Sy is slim op harsels. Agnes bemuoit har mei net ien en sjochst har noait op ‘e dyk. As har hûn Bijke op in dei syn oandacht lûkt, fynt René Agnes langút lizzend op de keukensflier. Hy is noch mar krekt op ‘e tiid. Agnes wurdt mei de ambulânse ophelle. Sa bedarret Bijke by René.
Hie hy earder mei har kontakt sykje moatten? Of wie it krekt goed dat er har gewurde liet, om’t sy net siet te wachtsjen op oare minsken? René begjint te twifeljen. Ek oan himsels. Uteinlik moat er tajaan dat er Agnes better begrypt as dat er earst trochhie en dat er mear op har liket as dat er wol.

Nei de grutte súksesfoarstellingen `Wat Soesto’, `It wie op in simmerjûn’ en `Feteranen’ giet de nije foarstelling fan Pier21, `Bijke’, op 14 oktober 2022 yn premjêre en is dêrnei rûnom yn Fryslân te sjen. In nij projekt fan it súksesfolle theaterduo Jos Thie (regy) en Bouke Oldenhof (tekst). Dit kear oer iensumheid. Mei Joke Tjalsma (`It wie op in simmerjûn’ en `Marijke Muoi’) en Theun Plantinga (`Kneppelfreed’ en `Titus’). En mei Bobbie as spesjale gast yn de haadrol.

De tagongspriis is ynkl. ien konsumpsje.

Wanneer:
3 desimber
Prijsinformatie:
Vanaf € 23,50

Hjir fine jo Pier21: Bijke

Adres:
MFC It Harspit
P. Walmastrjitte 8 A
8625 HE Oppenhuizen
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):
Toan risseltaten