Hokker priis betellesto foar frijheid?
Wat is de priis fan frijheid? Dat kin jild wêze, tiid of romte. Betellest mei emoasjes, oandacht, en gefoelens. Faaks betsjut frijheid dat jo de rook fan jo heitelân misse moatte. En faaks moatst der sels it libben fan of mei in oare persoan foar opjaan; in famyljelid, in freon, dyn partner.
Mei A Nite of Freedom dûkst djipper yn it tema frijheid. Genietsje fan in koarte foarstelling, praat mei oer wat frijheid foar dy betsjut en dûnsje mei mei de Dabke. De foarstelling is de perfekte tarieding op de foarstelling Freedom fan Club Guy en Roni op 10 juny.
Babaddaar (iepen doar) is in kultuerpoadium foar nijkommers mei in migraasje-eftergrûn en mear. It is ûnderdiel fan NITE (Noord Nederlands Toneel + Club Guy & Roni): Babaddaar wurket oan projekten op it mêd fan maatskiplik ferskaat om de foarstellings fan NITE hinne.