Terpen binne wichtige ferskinings yn it Fryske lânskip. Se jouwe in byld fan ús skiednis, se roppe fragen op as it giet om archeology en se ynspirearje foar keunst, kultuer en takomstige ûntwikkelings.
Al langere tiid dreame terpbewenners fan no oer de terp fan de takomst. In nije bûtendykse terp, om te ûnderwizen, te ûndersykjen, te histoarisearjen, om der nije en âlde sâltige teelten út te probearjen, konserten te jaan en der yn stilte te wêzen om de ferbylding sprekke te litten.
De keunstnersgroep Observatorium bestiet út Geert van de Camp, Andre Dekker, Lieven Poutsma en Ruud Reutelingsperger. Mei elkoar hawwe se ûnderfining mei byldzjende keunst, arsjitektuer, literatuer en ûnderwiis. Observatoarium belûkt yn har makproses de omwenners, dy’t de omjouwing kenne as gjin oar. It publike keunstwurk dat derút folget is in gastfrij oarde dat ferbylding stimulearret, refleksje op 'e omjouwing biedt en in boustien foar mienskiplikens is. It doarp Blije wurket mei oan de bou fan dizze Terp fan de Takomst. Blije fielt him sterk ferbûn mei it Waad en reparearret op in duorsume wize de ferbining dy’t it mei de see hie. “Wy wolle wer mei it gesicht nei de Waadsee wenje, libje en wurkje.”
It ûntwerp fan Observatorium is bedoeld as ‘keunstwurk’ dat yn elke faze fan it groeiproses in belibbingsplak is foar bewenners en besikers. Terpen ‘groeiden’ fan smel (fiif meter) en leech (ien meter) nei breed en heech (oant wol tsien meter). Fan in terp mei ien hûs nei in lyts buorskip mei in tsjerke. De terp fan de takomst lit dy it proses fan steapelje, laach op laach, ûnderfine. Yn 'e rin fan 'e jierren groeit de terp stadichoan nei it dreamde einbyld.
Data: fan 16 july 2022
Terp fan de Takomst is in projekt fan Sense of Place, dat it gebiet by de Waadkust del nij libben ynblaast troch de unike kwaliteiten fan it gebiet sichtber te meitsjen. Mei de bewenners en it lânskip fertelle se mei byldzjende keunst- en ûntwerpprojekten it ferhaal fan it Noarden. De skiednis fan it gebiet en bewenners, it lânskip én de takomst.