IIS is in projekt dat giet oer iis as ferbiner fan de mienskip. Want sadree’t it friest, komme wy massaal yn aksje om der mei elkoar foar te soargjen dat elkenien it iis op kin. Op de redens, mei de slide, te foet, of oars. Mar tagelyk binne de iisbanen in symboal wurden foar de klimaatkrisis. IIS nûget de Fryske mienskip út om kulturele manifestaasjes om iisbanen hinne te betinken en te meitsjen foar de simmer fan 2022. Lyts en grut. Om sa mei elkoar yn beweging te kommen foar in duorsume e leefbere takomst.
De ôftraap is de foarstelling Under Wetter fan Tryater yn Wergea, in grutskalige bûtenfoarstelling oer winterske dagen. Op in prachtige iisbaan ferbyldzje akteurs, dûnsers, musisy en figuranten it ferhaal fan de famylje Kingma. Under Wetter is in oade oan al dy iisbanen dy’t Fryslân ryk is en dy’t – nettsjinsteande waarmere winters – noch altyd funksjonearje. In foarstelling oer langstme en tradysje, fol drama én feest.
Wat makket in mienskip of doarp better, oars of moaier? Wat joust troch oan de folgjende generaasjes en hoe binne wy goede foarâlders? Sa is it yn 2022 alwer 25 jier lyn dat wy de Alvestêdetocht ride koene. Iis of gjin iis: hoe kinne wy goede foarâlders wêze?