Ga naar inhoud
Favorieten 0

Lûd

Sorry, deze activiteit is afgelopen

Rijs

Lûd - Ynternasjonale lûdskeunst yn it Rysterbosk De eksposysje fan lûdskeunst LÛD folt it prachtige Rysterbosk mei bysûndere gelûden, makke troch byldzjend keunstners. Sels ambysje as lûdskeunstner...

Dit evenemint is ûnderwilens ferrûn​.

Lûd - Ynternasjonale lûdskeunst yn it Rysterbosk

 

De eksposysje fan lûdskeunst LÛD folt it prachtige Rysterbosk mei bysûndere gelûden, makke troch byldzjend keunstners. Sels ambysje as lûdskeunstner? Lûd biedt yn projekten en workshops ek in poadium oan besikers.

 

De gelûden fan LÛD binne spesjaal makke foar dit bysûndere dekôr; it Rysterbosk. It bosk, lein by it doarp Riis yn Súdwest-Fryslân, waard yn de santjinde iuw oanlein as belizzing foar in Amsterdamske regintefamylje. Tsjintwurdich is it yn behear by de Fryske lânskipsorganisaasje it Fryske Gea en in plak wêr’t de minsken graach komme om te kuierjen en rekreëarjen.

 

172 hektare ynspiraasje

Anno 2018 is it bosk in 172 hektare grut natuergebiet; ynspiraasje genôch foar de lokale, nasjonale en ynternasjonale keunstners dy’t meiinoar LÛD meitsje. Harren lûdskeunstwurken foarmje in ferrassende en spannende oanfolling op besteande boskgelûden, lykas it rûzjen fan beammen en it fluitsjen fan fûgels.

 

Besykje en meidwaan

LÛD is it iennige programma fan Ljouwert-Fryslân 2018 mei lûdskeunst. Njonken in haadprogramma mei permaninte lûdskeunstwurken, bestiet LÛD út in râneprogramma mei ferskate projekten, workshops en in edukatyf programma, dat besikers útnûget om aktyf mei te dwaan.

Wannear:
trochrinnend
Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo Lûd

Marderleane 4
8572WG Rijs
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten