Ga naar inhoud
MAP

Fertile Grounds

Leeuwarden

Fryske feangreide op ‘e nij ûntdutsen mei Christien Meindertsma.

It foar ús sa typysk Fryske lânskip, mei griene greiden folk kij, is troch de minske foarme. Mar ek typysk is it feangreidegebiet, dat ea ôfgroeven waard foar de kostbere turf. Dit lânskip hat no te krijen mei boaiemdelgong en stiging fan it wetter. Dat bringt ús by de fraach: hoe kinne wy it plattelân sa brûke dat sawol boeren, as lân en bist florearje?

It Fries Museum nûget ûntwerper Christien Meindertsma út om yn gearwurking mei ynternasjonale kuratoaren Laura Drouet en Olivier Lacrouts fan studio d-o-t-s dizze fraach en it Fryske lânskip te ûndersykjen. Mei de tentoanstelling litte se har wurk sjen en sketse se fierder oan de senario’s foar de takomst.

De keunstners wurkje gear mei bewenners, ûndersikers en organisaasjes, dy’t allegearre in wichtige rol spylje yn de tarieding fan en mei de tentoanstelling sels. Fertile Groundsis it begjin fan in grutter projekt dat it Fries Museum yn 2025 presintearret, wannear’t Arcadia wer yn Fryslân ferskynt.

Wanneer:
oant 'e mei 9 april 2023

Hjir fine jo Fertile Grounds

Adres:
Fries Museum Leeuwarden
Wilhelminaplein 92
8911 BS Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):
Toan risseltaten