Yn de hal fan it Fries Museum groeie ferskillende ytbere planten yn wetterbakken. Se steane op swiet of sâlt wetter en krije ferskate kleuren ljocht as iten. It keunstnerskollektyf de Onkruidenier stelt mei dizze ynstallaasje fragen oer de evolúsje fan de natuer en de minske.
Har langrinnende ûndersyk begûn yn 2015 ûnder de namme Sweet – Sweat, wat him yn it Frysk oersette lit as Swiet – Swyt. In syktocht dus nei ferbûnens tusken swiet en sâlt yn ús lichem én yn ús lânskip. Mar wat bart der as wy minsken ús oanpasse oan in feroarjend lânskip dat hieltyd wieter en sâlter wurdt?
Dat sjochst yn de wetterbakken yn it Fries Museum. Hoe past in plant him oan yn in sâlter wurdende omjouwing? Hokker ynfloed hat de kleur fan ljocht op de groei? De tentoanstelling À la campagne lit sjen hoe’t it Frânske ljocht it lânskip, de kleuren en de keunstners beynfloedet. De Onkruidenier lit krekt sjen wat ljocht en kleur dogge by it ferbouwen fan gewaaksen.