Ga naar inhoud
Favorieten 0

Romte

Diverse plekken in Friesland

In meartalige en muzikale sitcom oer wenje yn ferskate tiden.

Sjoch alfêst efkes

In sitcom oer wenjen

Elkenien hat langstme nei in fertroud plak; in eigen romte dy’tst thús neame meist. Tagelyk hawwe we ek ferlet fan ferbining, fan mienskip, fan buorlju dy’t we groetsje. Dy twa passe net altyd goed by elkoar. Hoe wolle we libje en foaral: mei elkoar libje? Dêr giet de lokaasjefoarstelling Romte oer.

Yn dizze komyske en krityske sitcom reizgest mei fjouwer personaazjes troch de tiid. Mei har belibbest (of belibbest op ’e nij) de wenningneed yn de jierren ‘50, de útwrydske wenideeën fan de jierren ‘70 en de yndividualisearring yn de jierren ‘90. Om úteinlik yn it no te kommen, dêr’t in nije wenkrisis him oantsjinnet. Fine de fjouwer dé wenfoarm fan moarn? 

It meartalige en muzikale Romte spilet fan oktober 2022 ôf op ferskillende lokaasjes yn Fryslân dy’t in link ha mei it tema wenjen. Wy binne te gast by: 

  • Friso Bouwgroep Hoofdkantoor yn Snits (5 o/m 8 oktober)
  • Oannimmingsbedriuw Bangma yn Sint-Nyk (14 & 15 oktober)
  • Oplieding Bouw en Infra fan ROC Friese Poort yn Drachten (19 o/m 21 oktober)
  • Jorritsma Bouw yn Boalsert (26 & 27 oktober)
  • Doarrenleveransier Van Vuuren yn Grou (28 & 29 oktober)
  • Bakker Konstruksjewurken yn Warkum (2 & 3 novimber)
  • Boubedriuw Van Dijk yn Surhústerfean (4 & 5 novimber)
  • Siderius Heftrucks yn Ljouwert (11 & 12 novimber)
  • Mensonides Installatie yn Harns (16 novimber) 
  • Noord Nederlandse Draadindustrie yn Dokkum (18 & 19 novimber)
  • Friso Bouwgroep Houkesloot yn Snits (25 & 26 novimber)
  • Spruyt Waterwoningen op It Hearrenfean (30 novimber o/m 3 desimber)
  • Boubedriuw Van Marrum yn Frjentsjer (9 & 10 desimber)
  • Friso Bouwgroep Houkesloot prefab yn Ljouwert (16 & 17 desimber)

Tekst Eelco Venema | Konsept en regy Eelco Venema | Muzyk Beppe Costa | Spul Beppe Costa, Lourens van den Akker, Marjolein Ley, Pleun de Roode | Dekor Afke Manshanden | Kostúmûntwerp Afke Manshanden | Ljochtûntwerp Koos de Vries | Dramaturgy Peter Sijbenga | Regyassistint Raymond Muller |

Wanneer:
oant 'e mei 17 desimber
Prijsinformatie:
Vanaf € 15,50 (voor leden)
Toan risseltaten