Ga naar inhoud
Favorieten 0

Makette: Dijk van een wijf

Sorry, deze activiteit is afgelopen

Holwerd

In lizzend, froulik neaken sûnder abstraksjes. Foar elkenien werkenber en begryplik. Stel dy in útstrutsen lânskip foar mei dêrút opriizjend in wielderich foarme dyk, in lizzend neaken, oerdutsen mei gers...

Let op: It giet om in makette. It offisjele landart-projekt is klear yn 2020.

In ûnbegrinze lânskip dêr’t in wielderich foarme dyk út tefoarskyn komt. In enoarm, mei gers bedekt lizzend froulik neaken fan sa’n hûndert meter lang en oant tweinitch meter heech. In ‘Dijk van een Wijf’! Dit lânskipskeunst-projekt fan Nienke Brokke op de dyk by Holwert foarmet yn de takomst in sêft wolkom foar alle reizgers fan It Amelân.

Fan 30 juny oant ‘e mei 30 septimber kin alfêst kennis makke wurde mei dit takomstige projekt. Keunstner Nienke Brokke hat in panoramyske makette ûntwurpen dy’t it mooglik makket om midden yn in blommefjild troch in omsletten gonkje omheech te klimmen nei in kykgat. Troch dat gat sjocht de besiker it ‘Dijk van een Wijf’ grut lizzen mei yn de fierte de echte dyk fan har takomstige lokaasje.

Wannear:
trochrinnend
Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo Makette: Dijk van een wijf

Grândyk 5
9151AE Holwerd
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten