Ga naar inhoud
MAP
Truck Hotel - Sleep Like a Trucker

Truck Hotel


Klim yn de truck, grip it stjoer fêst en waan do op de dyk... By Truck Hotel stapst do yn de wrâld fan in trucker en sliep do yn in stoere DAF 105 XF SuperSpaceCab! Ûnderfyn it libben fan de frachtweinsjauffeur yn kombinaasje mei in lúkse hotelgefoel.

De frachtwein is gaadlik foar 2 persoanen en do sliept lykas in echte frachtweinsjauffeur yn de cabine fan de frachtwein. Njonken de lúkse foarsjenningen lykas in smart-tv, ferwaarming, kuolkast en magnetron, sitte by de Luxury Trucker Experience ek handdoeken en hotelcosmetica inbegrepen. Foar it toi…

Klim yn de truck, grip it stjoer fêst en waan do op de dyk... By Truck Hotel stapst do yn de wrâld fan in trucker en sliep do yn in stoere DAF 105 XF SuperSpaceCab! Ûnderfyn it libben fan de frachtweinsjauffeur yn kombinaasje mei in lúkse hotelgefoel.

De frachtwein is gaadlik foar 2 persoanen en do sliept lykas in echte frachtweinsjauffeur yn de cabine fan de frachtwein. Njonken de lúkse foarsjenningen lykas in smart-tv, ferwaarming, kuolkast en magnetron, sitte by de Luxury Trucker Experience ek handdoeken en hotelcosmetica inbegrepen. Foar it toilet en de brûs giesto nei it sanitairgebou. Dizze stiet tichteby de frachtwein. By moai waar klap do de strânstuollen út en genietest do foar de frachtwein fan it rustgevende útsicht oer it Fryske lânskip. By oankomst ûtfangsto gelyk in moai oantinken: de iennige echte Truck Hotel Truckerscap! 

De frachtwein stiet parkeard op de kemping by de jachthaven fan wettersportdoarp Akkrum. In brûzjend plak oan in trochgeand farwetter mei in fleurige fakânsjesfear. Troch de sintrale lizzing - tusken Hearrenfean en Ljouwert - kinsto maklik alle kanten op. Ek op rinôfstân is der genôch te dwaan! Hier bygelyks in kano of boat en ûntdek de bysûndere ryksmonuminten fanôf it wetter, genietsje fan in drankje op in terras, lit dy ferrasse troch ien fan de leuke winkels en besite de thúsbasis fan de frachtwein wêryn't ferbliuwst.

Contact

Adres:
Ulbe Twijnstrawei 31
8491CJ Akkrum
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

Accessibility

General accessibility Der moat in steile trep beklommen wurde om de truck te betrêdzje. Dêrnjonken binne der yn de cabine ferskate verhogingen.

Iepeningstiden

  • Truck Hotel is beskikber wilens it kempingseizoen: april o/m oktober. Wolst bûten it kempingseizoen komme oernachtsje? Nim dan gerêst kontakt mei ús op.

Sjoch alfêst efkes

Prizen

  • € 149,95 Luxury Trucker Experience - Mei de Luxury Trucker Experience ûnderfynsto it truckersleven mei lúkse hotelgevoel! Njonken de standert lúkse foarsjenningen lizze der nammentlik handdoeken en hotelcosmetica foar dy klear. Dêrby wurde de bêden lúkse opmakke foar ekstra comfort. Ek krijsto in ekstra oantinken by de Luxury Trucker Experience: de iennige echte Truck Hotel truckerscap!
  • € 129,95 Real Trucker Experience - Frachtwein sjauffeurs nimme oan it begjin fan de wurkwike har eigen (sliep)spul mei, tink oan: beddengoed, handdoeken en toiletartikels. Mei de Real Trucker Experience doch do dit ek. Wylst do genietst fan de standert lúkse foarsjenningen, belibest dus de echte truckerservaring!
  • € 27,95 Frysk Brochje
  • Boarch: Ja
  • Betelmooglikheden: Online

Beoardielings

Lês de ûnderfinings fan besikers

Besjoch de beoardielings fan besikers dy't al earder op dizze lokaasje west binne.

Besjoch alle beoardielings

Yn 'e buert

Toan risseltaten

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Friesland.nl


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens