Ga naar inhoud
Favorieten 0

Flying Fish Heeg

Heeg

E-foilen is de nijste sensaasje op it wetter. Surfen op in elektrysk oandreaun surfbord mei snelheden oant wol 33 km per oere.

E-foilen is de nijste sensaasje op it wetter. Surfen op in elektrysk oandreaun surfbord mei snelheden oant wol 33 km/u. De snelhied bepaalst do sels mei de wettertichte remote yn dyn hân. Fanôf 12 km/oere komme jo al boppe it wetter út. Jo fleane! In euforisch gefoel. E-foilen is fluch en maklik te learen. Mei de krekte instructies slagget it frij wol elkenien om binnen in oere op it board te stean.

Wasto kinst ferwachtsje: Fanôf ús opstapplak nimme wy dy/jimme mei yn ús grutte sloep wêrmei wy it Heegemermar op gean en in gaadlik plakje sykje.
In les sjocht der as folgt út:
—> 0-15 minuten: útlis oer it materiaal, techniken, mooglike gefaren en hoe dy te mije.
—> 15-25 minuten: Lizze/ sitte op de E-foil, boartsje mei de remote en wenne oan it board.
—> 25-40 minuten: útlis oer it oereingean, oerein bliuwe, faasje meitsjen en draaie.
—> 40-55 minuten: Genietsje fan it E-foilen sels
—> 55-60 minuten: Werom nei de wâl, tiid foar in drankje!

ûnderfyn it om te fleanen boppe it wetter. De uterste ûnderfining dysto moast belibje. Belibje it yn Heech!

Kosten:
1 persoan        € 150
2 persoanen     € 90 pp
3 persoanen     € 70 pp
4+ persoanen    € 65 pp

Bisto opsyk nei in folslein arranzjemint? Ek dat kin by ús. Perfekt foar in famyljedei, freonen-uitje of personielsfeest. Fragen of winsken? Belje of mail gerêst. Yn oerlis is in soart mooglik.

Njonken E-foil skoalle is Flying Fish Heech dealer fan ‘Waydoo’. De lessen wurde jûn op de ‘Waydoo Flyer One’ hokker perfekt is foar sawol de beginnende as de ervaren (E-)foiler. Sjoch foar mear ynformaasje oer it board op ús site. Bestelje wurket it bêste telefoanysk sadat wy dy kinne foarsjen fan it bêste advys.

Ofstân nei jo lokaasje:
Toan risseltaten