Paradys bringt byldzjende keunst út alle hoeken fan de wrâld nei Oranjewâld om dizze idylle út te daagjen. Kurator Hans den Hartog Jager nûget 15 ynternasjonale topkeunstners út om nij wurk te meitsjen, ynspirearre troch de omjouwing en de rike skiednis fan Oranjewâld. Alles is mooglik: fan kritysk kommentaar op de bûtenwrâld en de macht dy’t dit plak kreëarre hat, oant it besykjen om in plak as Oranjewâld noch moaier, noch paradysliker te meitsjen.
De tentoanstelling omfiemet nij wurk fan Marianna Simnett, Charles Avery, Mercedes Azpilicueta, Diana Scherer, Erik van Camminghout, Augustas Serapinas, Isa van Lier, Jakob Kudsk Steensen, Kasper Bosmans, Renzo Martens / CATPC, Alexandra Pirici en Em’kal Eyongakpa. Taryn Simon toant har ynstallaasje A Cold Hole, in besteand wurk dêr’t spesjaal in paviljoen foar boud wurdt.