Fryske ikoanen

We wenje miskien yn in frij platte provinsje – kinst de fjoertuorren op de eilannen by helder waar út Ljouwert wei sjen – as it giet om de Fryske ikoanen stekke we mei kop en skouders boppe Nederlân út. Fan Nasjonale Parken oant yndustriële yndrukmakkers. De Waadsee, it Ir. D.F. Woudagemaal, it Eise Eisinga Planetarium; it binne mar in pear fan de oeh’s en aah’s dy’t we yn ús provinsje ryk binne.

Mata Hari

Yn 2017 is it presiis hûndert jier lyn dat Mata Hari stoar foar in fjoerpeleton yn Vincennes. Stoar se as dûbelspionne of as eksoatysk dûnseres?

Escher

Reproduksjes fan syn wurk hingje oer de hiele wrâld by miljoenen húshâldens en benammen dêr wêr’t de byldzjende keunst gjin fêste grûn ûnder de fuotten hat: yn bûtenwiken, portykwenningen, kapsalons of puberkeamers.

Monumintale gebouwen

Staten en stinzen, mûnen en tsjerken: yn Fryslân binne der in hiel soad bysûndere gebouwen te finen. Se siere net allinne ús provinsje, mar fertelle ek oer ús kultuer.

Planetarium

Net langer hoechst nei bûten om de stân fan de stjerren te sjen. Yn Frjentsjer besleat Eise Eisinga yn 1774 om syn wenkeamer om te bouwen ta planetarium en noch altyd rint syn stjerreplafond op de minuut lyk.

Untdek it erfguod fan Fryslân