-
SEEHÛNETOCHT
M.S. BOSCHWAD
De M.S. Boschwad nimt dy mei op in ekskurzje nei de seehûnebanken. Flak foar leech wetter set dizze seehûnetocht ôf fan de fearsteger om tusken de sânbanken troch te farren. Nei likernôch in oere farren kinst fan board om ûnder lieding fan in gids op in sânbank sels it waad te ûnderfinen.
-
ROBBETOCHT WAADSEE
INGELSMANPLAAT
Tidens de seehûnetocht, wêrby’st lâns plakken farst wêr’t de seehûnen har befine, dochst ek in sânplaatekskurzje by Ingelsmanplaat, wêr’st in kuier meitsje kinst oer de boaiem fan de see. De tocht is foar elkenien tagonklik, je rinne oer it hurde sân. Far ûngefear 3 oeren mei en belibje wêrom’t dit prachtige gebiet Wrâlderfgoed wurden is.
-
HOPBOAt
HISTOARYSKE SYLKLIPPER
De tocht It Amelân – Skiermûntseach en Skiermûntseach – It Amelân fiert lâns de skitterjende eastkust fan It Amelân, de ûnbewenne Ingelsmanplaat en it westpunt fan Skiermûntseach. Hjirûnder de tsjinstregeling fan Skiermûntseach – It Amelân en v.v.
-
RESCUE BOAT
UNYK AVENTOER
Mei in rappe rêdingsboat lâns de sânplaten, oer it Waad nei de Noardsee farre. In snelle en spektakulêre belibbenis. Ek wurdt der gauris stoppe en ferteld oer it Waad. Aventoerlik en edukatyf tagelyk.