Ga naar inhoud

Bloeiwike Sint Nyk: Ria Wijngaard - Natuerlike tún

Sorry, deze activiteit is niet meer beschikbaar

Sint Nicolaasga

Lunchlêzing oer in natuerlike tún sûnder bestridingsmiddels op 3 juny yn Sint-Nyk, organisearre troch de FMF.

Sjoch alfêst efkes

Yn it kader fan de bioferskaatskampanje Wat sille wy no belibje?! Dyn tún sûn? Do sûn! organisearret de Fryske Miljeu Federaasje (FMF) op tiisdei 3 juny in lunchlêzing yn doarpshûs Unitas yn Sint-Nyk. Túnekspert Ria Wijngaard fertelt oer de natuerlike tún sûnder bestridingsmiddels en lit sjen hoe't elkenien mei simpele stappen in sûne tún kreëarje kin.  

De kampanje is in inisjatyf fan de FMF, yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, en slút oan op it belied om it brûken fan pestisiden yn partikuliere tunen ôf te bouwen. Neist dizze lêzing wurde der yn meardere Fryske doarpen aktiviteiten organisearre oangeande bioferskaat en duorsum túnkjen. 

Mear ynformaasje oer de kampanje en aktiviteiten: www.watzullenwenoubeleven.nl.

It is moai ast dy oanjoust, dan witte wy ûngefear op hoefolle minsken wy rekkenje kinne: https://spits-online.com/website/683557d00fd51qamnFwL8uTr6EyjV6nYb

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo Bloeiwike Sint Nyk: Ria Wijngaard - Natuerlike tún

Omloop 1
8521 KE Sint Nicolaasga
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten
1