Ga naar inhoud
Favorieten 0

Untdek en belibje Fryslân

Slow living: in wiere keunst. En we wolle net opskeppe ofsa, mar wy kinne dat. Friezen dogge alles nammentlik krékt efkes oars. Krekt efkes wat relakster, logysker en nofliker. Wat eigensinniger ek, en wat stadiger miskien, mar ek wis wat frijer! We dogge sa’n bytsje alles hast itselde as de rest fan Nederlân, mar dochs meitsje al dy lytse ‘krekt-oarsen’ meiinoar Fryslân folslein oars.

Dêrom is ús karakter ek sa ûngrypber foar in soad Nederlanners. Dêrom is Escher net samar in keunstner, Doutzen net samar in model en Sven net samar in reedrider. De rest fan Nederlân kin ús en ús fratsen mar lestich definiearje, om’t wy dingen no ienkear op ús wize dogge. Mar jou ús eefkes en we litte dy sjen hoe leuk it is om te libjen as in Fries.