Ga naar inhoud
Favorieten 0

Gozert, de foarstelling

Sneek

Nei it mei in Gouden Griffel bekroande boek fan Pieter Koolwijk Jeugdtheater Frets spilet de foarstelling Gozert; fol mei muzikaliteit, hilariteit en wanhoop. Oer oars wêze en inoar echt sjen! Yn it Frysk!

Ties hat in alderbêste, mar ûnsichtbere freon: Gozert! Tegearre belibje se fantastyske aventoeren. Op trollejacht, bern beskermje tsjin ferfeelsumens troch in Romeinske pot te stellen út it museum of bern rêden fan meunsters by de berne-opfang. Troch dy aventoeren komt Ties ek geregeld yn de problemen. De âlden fan Ties fine it better dat Gozert ferdwynt en stjoere Ties nei Huize Hoopvol. Dêr besykje se mei medikaasje en terapy Gozert en Ties te skieden, mar Ties wol hielendal net fan Gozert ôf. Nimt Ties ôfskied fan Gozert om sa te foldwaan oan noarmen fan oaren, of kiest er foar syn freon mei alle gefolgen dêrfan?

Leeftiidsadvys: 8+ 

Wannear:
1 maaie
Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo Gozert, de foarstelling

Theater Sneek
Westersingel 28
Sneek
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten