Ga naar inhoud

Iepenloftspul Snakkerbuorren 2025

Snakkerburen

‘In lyts stikje alles’ is in mozaykferhaal yn de tradysje fan romkoms as ‘Love Actually’. Allinne spilet ‘In lyts stikje’ him net ôf op Downingstreet 10 yn Londen,  mar op in camping earne yn Fryslân. De regy is yn hannen fan Brecht Wassenaa

Sjoch alfêst efkes

It iepenloftspul fan Snakkerbuorren is al langere tiid in fêste wearde yn de Fryske teaterwrâld. Dat is, ôfsjoen fan it hege nivo – sjoch mar allinne nei alle behelle Gouden Gurbes –, mei te tankjen oan it grutte ferskaat oan stikken. Klassikers as ‘Begearte’ en ‘It kersehôf’ wurde ôfwiksele mei maatskippijkritykse stikken as ‘De dame komt’ en ‘Andorra’, mar ek mei kommeedzjes as ‘Falskspilers’ en ‘Galgen’. Snakkerbuorren spilet boppedat net allinne besteande toanielteksten, mar jout dêrneist geregeld opdrachten oan skriuwers foar nij repertoire. Dat is ek yn 2025 it gefal.

Leafde op in camping

Raymond Muller, ûnder oare bekend fan Tryater, hat yn oerlis mei de artistike kommisje, ‘In lyts stikje alles’ skreaun, in stik oer libben en leafde op in camping. By it wurdpear ‘leafde’ en ‘camping’ sille de tinzen fan in soad minsken yn earste ynstânsje grif útgean nei jongerein dy’t tusken waskhok en tinte de earste stroffelenjende stappen op it amoureuze paad set. ‘In lyts stikje alles’  lit ek oare kanten fan ’e leafde sjen. In frou fan middelbere leeftyd dy’t, foarôfgeand oan it safolste potsje rummikub, beslút dat se net mear wol. In jong stel foar wa’t de earste fakânsje tegearre útdraait op in testcase op it skerp fan ’e sneed. In stoere motorrider op jierren dy’t him foarstiet op syn kennis fan de froulike psyche.

‘Dizze camping is mar in lyts stikje alles …kinst net altyd begripe wêrom’t it libben bepaalde ôfslaggen nimt’

‘In lyts stikje alles’ is in mozaykferhaal yn de tradysje fan romkoms as ‘Love Actually’. Allinne spilet ‘In lyts stikje’ him net ôf op Downingstreet 10 yn Londen,  mar op in camping earne yn Fryslân. De regy is yn hannen fan Brecht Wassenaar.

Priisynformaasje:
Fan € 22,50
Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo Iepenloftspul Snakkerbuorren 2025

Doarpstún Snakkerbuorren
Oan 'e Dyk 56
9083 AE Snakkerburen
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten