Ga naar inhoud

Packraft & proef de Fryske frijheid

Beperkt aantal kaarten beschikbaar

Rijs

Stel dy foar: in dei lang midden yn it griene hert fan Fryslân, al kuierjend en peddeljend yn dyn eigen tempo. Do ûntdekst it lânskip net allinnich mei dyn eagen, mar ek mei dyn earen en smaakpapillen.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 4 foto's

Dyn packraft aventoer begjint yn it sfearfolle Rijs, wêr’st ûntfongen wurdst mei kofje of tee en in echte Fryske lekkernij. Do krijst de tiid om yn ‘e sfear te kommen en de natuer op dy ynwurkje te litten. Dêrnei beprate wy tegearre de rûte-opsjes. Der is altyd in rûte dy't past by dyn nivo en tempo.

Mei in stevige tas fol materialen (dyn packraft, paddels en in rûtekaart) giest op paad. Underweis geniesto fan in goedfolle proefbox mei Fryske streekprodukten, spesjaal gearstald om op bysûndere plakken yn ‘e natuer ekstra fan te genietsjen.

Dêrnjonken ûntfangsto trije koarte audioferhalen dy’tst op spesifike lokaasjes belústerje kinst. Om’tsto der sels middenyn stiest, komme dizze ferhalen echt ta libben. Sa ûntdekst de omjouwing net allinne mei dyn eagen, mar ek mei dyn earen en smaakpapillen.

Do ûnderfyndst de rêst, de romte en de sjarme fan Fryslân sa’tst dy nearne oars fynst. Dit is wat Fryslân dy te bieden hat, en do ûntdekst it allegear op ien dei.

Priisynformaasje:
Fan € 79,00 (Folwoeksenen)
Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo Packraft & proef de Fryske frijheid

Woodssteps
Leise leane 6
8572WH Rijs
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten