Ga naar inhoud

Liskonsert Canto Ostinato

Beperkt aantal kaarten beschikbaar

Wommels

Op 21 juni wurdt de populêre meditative Canto Ostinato fan Simeon ten Holt op in wol hiel bysûnder plak spile: yn it hea, yn in âlde stâl oan de Slachte by Wommels. De 'Midzomercanto' wurdt útfierd troch de bekende Fryske pianist Wiebe Kaspers en pianist Johannes Hibma.

Sjoch alfêst efkes

Bekijk alle 6 foto's

Liskonsert Canto Ostinato by Skriezelân Wommels

Op 21 juni, de langste dei fan it jier, wurdt de meditative Canto Ostinato fan Simeon ten Holt opfierd op in unyk plak: yn it hea fan de âlde stâl fan Murk Nijdam, oan de Slachte ûnder Wommels.

Ten Holts Canto Ostinato is al jierren in populêr stik. De komposysje stiet derom bekend dat it dyn tiidsbesef fuortnimt, fanwege de repetitive, meditative muzyk. Dat is ek it gefal foar de twa pianisten, Wiebe Kaspers en Johannes Hibma. “De lokaasje, midden yn de natoer, fersterkt de beleving fan 'e muzyk,” fertelt Johannes. “Tusken de stilte en it stof fan 'e âld skuorre ferfaget de tiid troch de klanken fan 'e Canto.”

“In liskonsert is tige populêr,” seit Wiebe Kaspers, “en sa hawwe we foarich't jier foar it earst dit muzykstik as liskonsert opfierd. Troch it minne waar binne we ferhuze nei de stâl fan Murk, dêr't tidens it konsert op in geweldich momint in grutte ûle oer it publyk fleach. Dat hoopje we diskear fansels wêr mei te meitsjen."

Wiebe Kaspers (Jorwert, 1990) is bekend ûnder artystennamme Kaspar. Mei syn popformaasje, ynklusyf strykkwartet, spile hy ôfrûne jannewaris yn 'e grutte seal fan Paradiso Amsterdam.

Johannes Hibma (Franeker, 1978) musisearret al sûnt syn bernetiid. Begûn op klarinet, en letter op basklarinet, hat Johannes lange tiid by Harmony-orkest CMV Advendo Frjentsjer spile. Pas letter spile de leafde op foar de piano.

It konsert sil heve op Midsimmerjûn, yn de pleats fan it Skriezelân, oan de ieuwenâlde Slachte ûnder Wommels. It begjint om 21:00 en de Canto en duorret ûngefear twa oeren. Neist lisplakken binne der ek sitplakken. Yn oerlis kin in eigen stoel meinommen wurde.

Wannear:
21 juny
Priisynformaasje:
Fan € 25,00 (Folwoeksenen)
Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo Liskonsert Canto Ostinato

Gruttoland
Slachte 4
8731 CJ Wommels
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten