Muzikale réuny yn Koarnwert oer de poëzy fan Obe Postma.
Cornwerd
Hindrik vd Meer en de Auke Roukes hawwe een réuny in de doarpstsjerke fan Koarnwert (Cornwerd, laatste kerk links voor de afsluitdijk). Op dizzy dei is er ek iepen tsjerke mei in tentoanstelling over Obe Postma en in kuier fan 3,5 km mei ûnderweis gedichten en info.
Sjoch alfêst efkes
Muzikale réuny yn Koarnwert oer de poëzy fan Obe Postma.
Yn de tachtiger jierren fan de foarige ieu wie Hindrik van der Meer muzyklearaar oan de Snitser Pabo. As der ien fan de studinten troude, soarge Hindrik mei de klasgenoaten foar in muzikale bydrage yn de troutsjinst. Sa ek ris yn de tsjerke fan Koarnwert. Boppe de tsjerkedoar hong doe it boerd:”Pas op! Vallend gesteente”.
Maaike van Dyk silliger, makke har tige drok foar de restauraasje fan de tsjerke. Se wie tige ûnder de yndruk fan it sjongen fan de studinten en frege oft se net in kear in jûn fersoargje koene foar it Restauraasjefûns. Faaks oer de ferneamde dichter Obe Postma berne yn Koarnwert.
Hindrik gie yn op har fersyk en naam kontakt op mei de kollega’s Jan de Jong en Tom Dykstra. Mei elkoar wurken se oan de opset fan in programma. Hindrik naam it dichtwurk fan Obe foar syn rekken. Hy sette in tal gedichten op in stensil en frege de studinten fan de “Koarnwerter klasse” dêr ien út te sykjen, en te betinken hoe’t dat gedicht presentearre wurde koe.Ek socht er sels in fiiftal gedichten út, sette dy op muzyk en studearre se yn mei de studinten.
Op 14 maaie 1983 wie de útfiering. Spannend: soene der wol minsken komme? De Ljouwerter krante wijde der de oare deis in moai artikel oan: “De minsken kamen fan fier en hein en in kertier foar it begjin wie der yn’e tsjerkebanken en op’e kreake al gjin plakje mear te besetten. Reden foar it oarganisearjend komitee om yn’e gauwichheid noch in pear banken fan it keatsfjild te heljen. Mar ek dy rekken fol, sadat in pear letkommers tefreden wêze moasten mei in steanplak.”
Letter sette Hindrik mei de sjongers fan “Sjongploech Auke Roukes” yn de Legeaën in tal Obe Postma-lieten op in cd. De namme fan dy sjongploech mei hast hûndert leden wie ûntliend oan it gedicht fan Obe Postma oer Auke Roukes. Auke wie in gongmakker yn it doarp. De Legeansters makken der in kûplet by! “Mar Auke Roukes is no werom. Hy wennet yn de Legeaën. En asto harkest hearst it muzyk al troch de buorren gean!”
Ut it Gysbert Japicxhûs wei waarden letter literêre bustochten organisearre en fersoarge troch Hindrik en Beitske van der Meer. Op ien fan dy tochten waard ek Koarnwert oandien en kaam Obe syn poëzy op it aljemint.
De Koarnwerter Obe Postma-kommisje is tige aktyf en organisearret op dit stuit eltse sneon in barren yn de tsjerke. Op 26 july, de middeis om trije oere, stiet it wurk fan Obe wer sintraal yn de tsjerke, dy’t no prachtich restaureard is. Der sil in soad poëzy klinke en songen wurde, want it is tagelyk in muzikale réuny mei eardere studinten, dielnimmers oan de busreizen, eardere sjongers fan Auke Roukes en hooplik gâns oaren.
Hjir fine jo Muzikale réuny yn Koarnwert oer de poëzy fan Obe Postma.
Dorpsweg 58753JC Cornwerd Plan dyn rûte naar Muzikale réuny yn Koarnwert oer de poëzy fan Obe Postma.
fanôf dyn lokaasje