Route Oudkerk
(20 km)
Dizze rûte fiert lâns it fan de Alvestêdetocht ferneamde brechje fan Bartlehiem wêr’st nei stjoerboard rjochting it pittoreske doarpke Aldtsjerk farst. Fanôf Aldtsjerk farst fia De Moark rjochting de 'Tegeltjesbrêge' wêr’t it de muoite wurdich is om efkes oan te lizzen om de foto’s te besjen fan de dielnimmers oan de Alvestêdetocht. Miskien fynst noch in bekende!
Lokaasjes op dizze rûte
Alvestêdebrêchje Bartlehiem
Bartlehiem hat gjin stedsrjochten, it is sels gjin doarp, en dochs is dit buorskip in wrâldferneamd plak oan de Alvestêderûte.
Alvestêdemonumint Tegeltsjebrêge Gytsjerk
Oer it riviersje de Moark by Gytsjerk fynst de bekende Tegeltsjebrêge, it Alvestêdemonumint fan Fryslân.
Bonkevaart, finish Alvestêdetocht
Sûnt 1985 is hjir de finish fan de Alvestêdetocht, op de Bonkevaart yn Ljouwert.