Ga naar inhoud
Favorieten 0

11Fountains Leeuwarden

Leeuwarden

‘Love’ bestiet út twa 7 meter hege, wite skulptueren fan in jonge en in famke. Sy lykje inoar oan te sjen, mar harren eagen binne ticht.

Love yn Ljouwert

Jaume Plensa is al yn it bidbook-stadium hifke oer dielname oan 11Fountains. Hy brocht yn augustus 2014 in earste besite oan Ljouwert wêr’t er de boargemaster, guon wethâlders en de direkteur fan stedsûntwikkeling moete. It resultearre yn de útnûging oan de keunstner om mei te tinken oer de folsleine werynrjochting fan it gebiet foar it stasjon en dêr de troch him te ûntwerpen fontein in gesichtsbepalend ûnderdiel fan wêze te litten.

Troch Plensa al yn de ûntwikkelingsfaze by de werynrjochting fan de stêd te belûken, is dit drokke en foarhinne ûnoersichtlike gebiet feroare yn in heldere, rjochtingjaande yntree fan de stêd mei as ûnûntkombere blikfanger Plensa’s fontein Love.

‘Love’ bestiet út twa 7 meter hege, wite skulptueren fan in jonge en in famke. Sy lykje inoar oan te sjen, mar harren eagen binne ticht. De gesichtsútdrukking fan ’e bern is sereen. Om harren hinne hinget in 2 meter hege mistwolk dêr’t wy yn omdoarmje kinne. ‘Sy dreame’, seit Plensa, ‘foar bern is de takomst in dream fol beloften.’ De Spaanske keunstner krige syn ynspiraasje foar de mistfonteinen doe’t er moarns betiid de dize boppe de Fryske fjilden seach. ‘Yn Fryslân’, seit er, ‘komt it wetter út ’e grûn.’

Jaume Plensa

Jaume Plensa (1955) is wrâldwiid bekend om syn meters hege skulptueren fan benammen frouljushollen. Sy biede in hast meditatyf gesicht. In hichtepunt is de Crown Fountain yn it Millennium Park fan Chicago, dêr’t gesichten fan hûnderten ynwenners ferskine. De fontein ‘Love’ dy’t Plensa makke foar it fernijde stasjonsplein, jout grutte alluere oan de yngong fan de stêd en foarmet in útnûgjend rêstpunt.

Ofstân nei jo lokaasje:

Hjir fine jo 11Fountains Leeuwarden

Stationsplein 1
8911AC Leeuwarden
Plan dyn rûte

fanôf dyn lokaasje

Toan risseltaten