Skip to main content

Kerstconcert

Ioannis Theatertsjerke Wier, Wier

Kristlike Sjongferiening Halleluja Bitgummole is in mingd sjongkoar. It is oprjochte op 12 augustus 1893. De feriening bestiet dus mear as 130 jier! It koar hat op it heden 42 leden. De leden komme Ășt Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Dronryp, Frjentsje...

Take a look

Kristlike Sjongferiening Halleluja Bitgummole is in mingd sjongkoar. It is oprjochte op 12 augustus 1893. De feriening bestiet dus mear as 130 jier! It koar hat op it heden 42 leden. De leden komme Ășt Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Dronryp, Frjentsjer, Ingelum, Marrum, Menaam, Minnertsgea, Sint Anne en Stiens. It koar stiet sĂ»nt 2007 Ă»nder lieding fan Feike van Tuinen.

De repetysjes fan it koar binne op woansdeitejĂ»ns fan 19.30 oant 21.30 oere (en dĂȘrnei is der foar de leafhawwers in tredde helte). De repetysjes wurde hĂąlden yn De Molewjuk, J.H. van Aismawei 19, yn Bitgummole.

Ús repetysjes begjinne nei de fakĂąnsje sa ein augustus oant mits juny. As regel binne der gjin repetysje tusken Kryst en Ăąld en nij. De opkomst op de repetysjejĂ»nen is goed te neamen.
 
En wĂȘr sjonge wy foar? Yn it earste plak foar Ășssels, om mei-inoar te sjongen. Mar fansels wolle we Ășs ek wolris hearre litte. We hawwe sa no en dan in konsert/optreden, en we dogge in pear kear yn it jier mei oan in tsjerketsjinst. Meastentiids is it program in pear moannen oant in jier fan te foaren bekend en dan wurdt der drok foar oefene.

We ha gjin fĂȘst kostĂșm, mar de froulju binne meast yn it swart mei in kleurd aksint. Dit kin elke kear in oare kleur wĂȘze en hinget ek gear mei de tiid yn it liturgysk jier. De manlju binne ek yn it swart.
Mear ynformaasje en foto’s kinne jimme fine op Ășs blog:
https://hallelujabitgummole.blogspot.com/

Hawwe jo nocht om in kear mei te sjongen FAN HERTE WOLKOM!

Tijdstip
15:00 - !7:00 uur

Entree
€ 15

Informatie of reservering

Reserveren: s.sevenster@hetnet.nl of 0518-471123

When:
21 december
Distance to your location:

Here you will find Kerstconcert
Ioannis Theatertsjerke Wier

Lautawei 3a
9043 VN Wier
Plan your route

from your location

Show results