Ga naar inhoud

Untdek Akkrum

Bist op syk nei in unike ûnderfining yn it hert fan Fryslân? Dan is Akkrum it perfekte doarp om te ferkennen. Flakby It Hearrenfean leit dit pittoreske plak, dêr’t ûntspanning, kultuer en natuer byinoar komme.

Akkrum is in libben doarp dêr’t it wetter alles mei-inoar ferbynt. Fearten, brêgjes en oanlissteigers hearre by it deistich ritme. Ast hjir farst, giest samar it Snitser Mar op of kist foar de rêstige rûte nei De Alde Feanen. Underweis sjochst boatsjes, suppers, bern mei skeppnetsjes en minsken dy’t gewoan efkes oan ’e wâl sitten bliuwe.

Yn it sintrum stiet Coopersburg, in opfallend gebou mei in bysûnder ferhaal. Boud troch in Akkrumer dy’t nei in súksesfol libben yn Amearika wat weromjaan woe oan syn doarp. Efkes fierderop leit de Terptsjerke, op it heechste punt fan ’e âlde terp. In plak dat al iuwen it hert fan it doarp foarmet.

Kafé Kromme Knilles leit rjocht oan it wetter. Do sjochst út oer de haven wylstst dyn lunch bestellest of in lokaal bierke drinkst. By De Koken, oan ’e râne fan ’e haven, giet it om genietsje sûnder gedoch. Se siede mei earlike yngrediïnten en tsjinje yn in sfear dy’t fielt as fakânsje.

Oernachtsje kin by Hotel Goerres, dêr’tst wekker wurdst mei útsicht op dobberjende boatsjes. Of kies foar Herberch De Oude Schouw, in histoaryske lokaasje krekt bûten it doarp, dêr’t farwegen byinoar komme enst jûns oan tafel sitst mei útsicht oer it wetter.

Fanút Akkrum kinst sa op paad. Nei It Hearrenfean foar in museum of in middei winkelje, of krekt nei Nes en Aldeboarn, dêr’t it libben wat stadiger rint en elke strjitte in ferhaal fertelt. Oftst no komst foar de rêst, it faren, it iten of gewoan om efkes net thús te wêzen – yn Akkrum komst altyd wat tsjin dat it wurdich is.