Untdek Aldeberkeap
Aldeberkeap is sa’n doarp dat hast te moai is om wier te wêzen. As hie immen in lânskipsskilderij pakt, der in pear keunstwurken by pleatst en tocht: “Ja, sa kin it wol.” Mar pas op: achter dy sjarmante gevels skûlet in ferrassend libben doarp mei lef.
Hjir rinne keunstleafhawwers en kuierskers inoar yn ’e mjitte – op in freonlike manier. Want Aldeberkeap is it poadium fan Open Stal, de âldste keunstrûte fan Nederlân. Simmer nei simmer feroaret it doarp yn in iepenloftmuseum, dêr’t skuorren, tunen en sels hinnehokken omtovere wurde ta galery.
En wurdt it dy efkes tefolle mei de keunst? Dan giest sa de natuer yn. It Bûtenfjild en de bosken fan de Lendevallei lizze letterlik om ’e hoeke. Do meist allinnich noch dyn feter strikke en dyn holle leechwaaie litte.
Aldeberkeap ropt net. It flústert. Mar wa’t lústeret, heart in doarp dat libbet, sykhellet en fol ferhalen sit. Lyts? Miskien. Saai? Net in hier op syn Fryske holle.