Fryslân ûntdekke as bern
Syks nei leuke útstapkes foar bern yn Fryslân? Der is hjir genôch te dwaan! Wy hawwe dieretunen, boarterstunen en nijsgjirrige musea. Fan jong oant âld, elkenien kin him fermeitsje yn Fryslân. Untelbere útstapkes foar in moaie dei deropút. Ek yn de natuer is fan alles te belibjen. Mei net minder as fjouwer Nasjonale Parken yn Fryslân sitst hjir altyd goed.
Musea - foar bern
Tips foar útstapkes - yn fryslân
-
Besykje de Fryske natuer
Bist gek op de natuer en sykst in plak dêr’tsto mei dyn bern folop genietsje kinst? Dan is Fryslân de plek foar jim! Mei fjouwer Nasjonale Parken en it prachtige Waad, UNESCO Wrâlderfgoed, is der altyd wer wat nij te ûntdekken.
-
Park Vijversburg
Sin oan in dei fol aventoer? Kom dan nei Park Vijversburg, ien fan de ferburgen juwielen fan Fryslân. Yn dit romme park fan mear as 30 hektare kinst genietsje fan keunst, kultuer en tal fan spannende aktiviteiten.
-
AquaZoo Leeuwarden
Sin oan in útstapke dêr’t elkenien bliid fan wurdt? Kom dan nei AquaZoo Ljouwert, de famyljepark fan Fryslân. Hjir komst bysûndere bisten tsjin lykas nilykrokodillen, iisbearen, flamingo’s en mear.
-
Koepelbos
Sykest in plak dêr’tst hielendal ûntspanne kinst? Dan is it Koepelbos krekt wat foar dy. Rin lâns de fiver, bewûnderje de iuwenâlde ike- en bûkebeammen en lit dy ferrasse troch de natuerlike skientme fan it bosk. Foar de lytskes is der in hertenfjild en in natuerboarterstún dêr’t se harren hert ophelje kinne.
-
Reden
RedenYn ’e winter kinst (mei in bytsje gelok) ride op natueriis. En as it net kâld genôch is, kinst nei it ferneamde Thialf yn It Hearrenfean of de Elfstedenhal yn Ljouwert.