Ga naar inhoud
Favorieten 0

Langwar leit yn de gemeente De Fryske Marren, oan de râne fan it mar de Langwarder Wielen. Langwar is in âld doarp mei in rike skiednis. Iuwenlang wie it doarp allinne mar fia it wetter te berikken. Yn 1856 kaam de earste ferbining mei de bûtenwrâld oer it lân: de Brédyk rjochting Sint-Nyk. Yn de simmer sykje in soad (bekende) toeristen Langwar op foar de gesellige sfear yn it doarp of it silen op de mar.

Untdek Langwar

Untdek mear Fryske doarpen