Untdek Noardwâlde
Ferjit watst tinkst te witten oer ‘typyske Fryske doarpen’. Noardwâlde docht it oars. Hjir, yn it súdwestpunt fan de Fryske Wâlden, sitst middenyn in lânskip dat net yn hokjes past: in bytsje bosk, in bytsje fean, in streakje sân – en in hiel soad karakter.
Noardwâlde is it doarp dêr’t mandeflechtjen gjin ferline is, mar in libbene keunstfoarm. Yn it Nasjonaal Flechtmuseum learst hoe’t dit âlde ambacht noch altyd springleaf is. Ja, echt – manden meitsje kin ferhipte cool wêze. En dêrnei? Strún troch de bosken fan de Spokedam of dûk it wetter yn by it iepenloftswimbad midden yn it doarp. In dûk dêr’t sels dyn beppe in bommetje weagje soe.
Wat Noardwâlde écht unyk makket? It doarp is in bytsje eigenwiis. Gjin massa’s toeristen, mar in mienskip fan makkers, dreamers en doarders. Kreative broedplakken, vintage skatten en ferstoppe ateliers sitte efter gevels dy’t earst hiel gewoan lykje. Mar ast goed sjochst, dan sjochst dat Noardwâlde brûst fan it ûnferwachte.