In lyts stikje Itaalje yn it sintrum fan Harns. Al mear as 30 jier is Pizzeria San Marino it plak foar farsk taret Italjaansk iten.
De pizza’s wurde belegd mei farske tomaten en steane bekend om harren ryk belegde boaiems en krokante râne. Besykje bygelyks de unike panpizza mei opsteande râne of de bekende San Marino-salade.
Leaver in tinne pizzaboaiem of in pizza mei Napolitaanske saus? It team tinkt graach mei jo mei.
Ek glutenfrije gasten kinne by San Marino terjochte. Op de kaart stiet ûnder oare glutenfrije spaghetti di pomodori, suver fan smaak mei in licht pittige twist.
Pizzeria San Marino sit yn in karakteristyk pân oan de râne fan it sintrum fan Harns. In gesellich plak foar in jûn út, mei soarchfâldich selektearre winen, bieren en kofj