Ga naar inhoud

Leeuwarden Visitor Center

Leeuwarden

Op syk nei in plak dêr’tst persoanlik ynformearre wurdst oer de topspots, ferburgen pearels en de moaiste aktiviteiten yn Ljouwert?

Sjoch alfêst efkes

Kom dan del by it Leeuwarden Visitor Center. Do fynst ús oan ’e foet fan de Oldehove, oan it Hear Ivostraatsje 1. In sintrale lokaasje, op in stienworp ôfstân fan al it moais dat Ljouwert te bieden hat.

It Visitor Center is it fysike ûntfangstpunt foar alle toeristen, dêr’t wy aktuele toeristyske ynformaasje jouwe. Wy jouwe maatwurktips oer leuke lokaasjes, eveneminten en aktiviteiten yn de stêd, mar wize dy ek op de mooglikheden yn de regio.

Wolst foarôfgeand oan dyn besite al ynformaasje ynwinne? Stjoer ús gerêst in e-mail. Wy stelle mei alle nocht in dei, in wykein of sels in midwike foar dy gear, hielendal frijbliuwend. Handich as do bygelyks fan doel bist om mei in (grutte) groep te kommen. Sa meitsje wy dyn ferbliuw yn Ljouwert sa noflik mooglik, miskien sels sa noflik datst noch wat langer bliuwst of yn elts gefal graach nochris weromkomst.

Toan risseltaten