Jo kinne hjir lekker lunche of dinearje yn de serre, of by moai waar op it terras. De lunchkaart biedt ferrassende kâlde en waarme gerjochten, en foar it diner is der in útwreide menukaart.
Ek foar kofje mei gebak of in gesellige borrel binne jo hjir wolkom. De serre is geskikt foar feesten, partijen, high tea en high wine of bier. De sfearfolle boppe-seal mei dakterras is tige geskikt foar in priveediner, buffet of gearkomste.
De keuken kombinearret Hollânske en ynternasjonale smaken en wurket in soad mei streekprodukten yn in modern jasje. Op de kaart steane ûnder oare fisksoarten út de Fryske Marren en it Iselmar, en Fryske tsiissoarten.