Ga naar inhoud

Drylts

IJlst

Alvestêdestedsje Drylts leit tichtby Snits en stiet bekend as de houtstêd fan Fryslân.

Sjoch alfêst efkes

Dêr fynst de prachtige mûne De Rat, dy’t noch altyd planken seaget fan dikke beamstammen. Ek sjochst de hege skoarstien fan de âlde Nooitgedagtfabryk, dêr’t eartiids houten redens en beitels makke waarden. Yn it moderne Houtboumuseum oan it wetter komst alles te witten oer houtstêd Drylts.

Drylts hat moaie autentike grêften. De bewenners hawwe harren tún oan de oare kant fan de strjitte, streekrjocht oan it wetter fan de Ee. Dy tunen wurde oertuinen neamd.

Ofstân nei jo lokaasje: