Yn de 20e iuw waard Bartlehiem bekend troch de Alvestêdetocht. Reedriders komme twa kear ûnder it houten brêgje by Bartlehiem troch, wêrtroch it doarpke in bekend plak is om harren oan te moedigjen of te filmjen.
De namme Bartlehiem komt fan it eardere kleaster Bethlehem, dat hjir ea stie. It doarp leit yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
Komme jo mei de boat? Bartlehiem is goed te berikken fia de Noardlike Elfstêderûte. Ek kinne jo hjir moai kanofarre of suppe.
Op de fyts kinne jo moaie rûtes meitsje om Bartlehiem hinne, bygelyks mei in oerstek by it pontsje yn Wyns.
Tichtby Bartlehiem kinne jo efkes útrêste mei in Frysk bierke by Brouwerij Grutte Pier. Tsjoch!